Wolkom

Wolkom op de side fan de Master Frankeskoalle yn Earnewâld. Hjir kinne jo alle ynformaasje fine oer ús skoalle. Dizze side is bedoeld foar learlingen, learkrêften, âlders en oaren dy't der belang by hawwe.

Us adresgegevens binne:

Master Frankeskoalle,
Eilânsgrien 17,
9264 TB Earnewâld.
til. 0511-539509
e-mail: info@frankeskoalle.nl


Earnewâld

Earnewâld is in lyts doarpke yn Fryslân en leit yn it wetterlân fan it nasjonale park "De Alde Feanen" tusken Drachten en Ljouwert. It doarp hat rom 400 ynwenners. De measten fertsjinje harren brea yn de toeristyske sektor (jachthavens, campings,bungalowpark en hoareka ensfh.).

Gearwurkingsskoalle

Us skoalle hat de namme fan Master Franke. Hy wie haadûnderwizer fan de iepenbiere basisskoalle yn Earnewâld fan 1948 oant 1979. Sûnt augustus 1989 is de iepenbiere basisskoalle troch it gemeentebestjoer oerdroegen oan in bestjoerskommisje en is de Master Frankeskoalle yn Earnewâld in gearwurkingsskoalle.

Dat betsjut û.o. dat:

  • foarstanners fan iepenbier of fan bysûnder (prot. kristlik.) ûnderwiis meiinoar ús skoalle bestjoere
  • persoaniel út iepenbier en bysûnder ûnderwiis op ús skoalle wurkje.
  • alle bern út Earnewâld en direkte omjouwing nei ús skoalle gean (kinne).
  • alle âlders, fia bestjoerskommisje, âlderried en meisizzenskipsried, de mooglikheid hawwe ta ynbring en ynfloed op ús skoalle.
  • wy meiinoar besykje om fanút ûnderskate ferantwurdlikheden en libbensbeskôglike oertsjûgings te kommen ta safolle mooglik mienskiplike doelen.
  • libbensbeskôglike foarming plak fynt op basis fan de kar fan âlders.


De Master Frankeskoalle hat 65 learlingen en der binne seis learkrêften oan it wurk:

  • Gepke Rozema, direkteur
  • Nellie van der Zee, direkteur
  • Rigt Westerlaan, juf
  • Anke Haanstra, juf
  • Geartsje Duipmans, juf
  • Adry van der Zee, juf

In de hal van de skoalle hinget in boerd met de folgjende tekst:

"Kinderen, ongeacht hun godsdienst, ras of levensbeschouwing leren verdraagzaam met elkaar te leven en te werken en elkaars godsdienst of levensbeschouwing te eerbiedigen".

Us fisy op ûnderwiis

Wy neame ús skoalle in skoalle mei romte. Dat seit net allinne wat oer de romme boarters- en wurkromte yn en om it gebou, mar noch mear oer de romte foar de bern en de âlders yn ús skoalle. Romte is der foar:

  • de ûntwikkeling fan elts bern op himsels
  • de belibbingswrâld fan bern yn ús ûnderwiis
  • de talen dy't wy prate
  • de ferskate libbensoertsjûgings fan de âlders

Skoalgids

Foar in fierdere útwurking fan de útgongspunten fan ús skoalle ferwize wy jo nei de skoalgids dy't jo, as jo dat wolle, ynlade kinne.